Wurdt Slachtemarathon Eastereiner feestje?

Slachtemarathon 2012

Slachtemarathon 2012, foto: Catrinus van der Veen

Mar leafst 47 minsken út Easterein hawwe kaarten besteld foar de Slachtemarathon. As al dy minsken 2 kaarten besteld hawwe en allegearre foar Eastereiners, soene der dus 94 Eastereiners meidwaan oan de Slachtemarathon. Hoe leuk is dat?

Neist de frijwilligers dy’t drok oan de gong binne mei de logistyk en oare frijwilligers út Easterein dy’t dwaande binne mei it artistike programma, binne der ek noch 3 Eastereiners belutsen yn bestjoer en produksjeteam. En dan hawwe we de minsken dy’t op 4 juny dwaande binne by de Gouden Ingel mei muzyk, kofje en tee of parkearen noch net iens meiteld. As dit gjin Eastereiner feestje wurdt, dan witte we it ek net mear.

It tema fan de fiifde (!) Slachtemarathon is Feest! En by in feest heart muzyk. Dat kin allerhande muzyk wêze: fan koar oant korps, fan sjongers oant slachwurkers, elkenien kin meidwaan. Wolst meiwurkje oan dit spektakel? Jou dy dan foar 1 maart 2016 op fia muzyk@slachtemarathon.nl.