It WK Keatsen is ôfrûne snein begûn. Ek Easterein is in plak dêr’t spile wurdt foar it WK. De wedstriden yn Easterein binne op freed 31 augustus 2012 fan 12.00 – 17.00 oere, fansels o it MultyFunksjoniel Terrein (MFT). It MFT sil moai oanklaaid wurde en der is in kreamke mei kofje, tee en iterij.
Yn de seleksje fan it Llargues team sit û.o. ús doarpsgenoat Bauke Dijkstra. Op de website fan de KNKB stiet ek in moai filmke oer de tarieding fan ús doarpsgenoat en ynternasjonaal skiedsrjochter Sipke Hiemstra.