Winterwille 2021

Bêste stichting, feriening, frijwilliger,

Winterwille Easterein is ea begûn yn 2008. Nei in oantal slagge edysjes folge troch in lange tiid fan stilte om de wintermerk hinne, hoopje wy der fan dit jier ôf wer in nij libben yn te blazen. Sa ’t jo wol yn ‘e rekken hawwe fljocht de tiid! Wy hawwe noch mar in pear wiken om dizze wintermerk te organisearjen en hoopje dêrom jim entûsjast te meitsjen. Wy nûgje jo as stichting / feriening graach út om ek diel te nimmen. It is in perfekt poadium foar it winnen fan nije leden en frijwilligers, ynsammeljen fan jild foar it ynvestearjen yn materialen en oare kosten, en it promoatsjen fan jo sport en stichting! Hjirûnder fine jo in koart oersjoch fan hoe ’t de wintermerk opset wurdt.

FREED 3 DESIMBER *

10:00 oere Opbou kreamkes troch organisaasje

14:00 Start opbou kreamkes troch de ferienings/stichtingen

16:00 Start Winterwille

20:30 Einde Winterwille

Wy hoopje krekt as foargeande edysjes yn gearwurking mei de bewenners fan de Foarbuorren der in sfearfol tafriel fan te meitsjen. Dit prachtige strjitsje grinzet oan de parkearplakken oan de (rjochter)sydkant fan Restaurant Bergsma Easterein en liedt nei de Martinitsjerke. Sawol de Foarbuorren as de parkearplakken fan it restaurant hoopje wy te foljen mei gesellige kreamkes. Yn ‘e doer fan ‘e wintermerk freegje wy om de lokale toanielferiening en it fokaal kwartet Qlassy in gesellige krystsfear te bringen. Fia it sealesintrum fan Bergsma Easterein is de winterske buorreltún berikber dêr ’t elk gesellich by it kampfjoer in hapke en in drankje nuttigje kin. Nei ôfrin fan de wintermerk bliuwt de tún iepen foar in gesellige neisit.