Winterwille!

Moarn is it alwer safier : de 5e edysje fan de krystmerk Winterwille. In protte wurk foar in pear oeren, mar sa leuk!!

Jimme kinne wer in protte ferwachtsje sa as de ferkeap fan grienstikjes, brocante, breiwurk, sieraden en sels zwiterse produkten sa as sjippe en tsiis. Wa bekint is mei it skjinmakkers guod HaRa treft it, want ek sy komme foar de ferkeap en demonstraasjes. Fjirder ha we wer in protte Eastereiner ferienings dy’t harren kas spekke wolle op wat fan wat wize dan ek. En ek de froulju fan Unicef slaan gjin merke oer! Lekker ite kin ek, fan snert oant fisk , poffertsjes oant in broadsje woarst en de bern kinne in lekker snoepke by de snoepkream keapje. Wy hoopje fansels op moai winterwaar en dan kin jo efkes opwaarmje yn de “Noflik” oerdekte romte mei in gleske glühwein as wat oars.

Musyk mei der seker net ûntbrekke! Yn it tsjerke is in hiel programma makke mei oargel konserten, Wilhemina, Qlassy en Sieuwke Rijpma mei in berne koarke. Búten kinnejo genietsje fan de toerblazers, Jelle en Jet op de trekzak en Euphonia Wommels lit fan harren heare. Ek mei dêr op sa’n barren net in libjende kryststal misse.

Koart sein : jo meie dit net misse!!

Dit allegear kin fansels net sûnder gearwurking fan ús doarp, de Wynserdyk, van Eijsingaleane en de Sibadawei wurde wer ferljochte en wat soe it moai weze at jo ek in pear ljochtsjes yn de finsterbank as op jo stoepe sette.

Frijwilligers komme ús helpen mei de op-en de ôfbou fan de merke, wat moatte wy sûnder harren, it is geweldich!!

 

It waar bliuwt fansels it spannenste, mar wy ha der nocht yn! Komme jo ek???

 

Krystmerk Winterwille freed 13 desimber fan 15.30 oant 20.30 op de sfearfolle Foarbuorren te Easterein.