Winterwille

It sit der wer op….. Wat kinne wy mei in goed gefoel werom sjen op Krystmerk “Winterwille” !! Gesellichheid alom, hearlike krystsfear, in folle tsjerke, moaie musyk, in protte besikers en tefreden kreamhâlders! De ferkeap fan de moaie blaue en griene sokken hat € 115,- opbrocht foar Serious Request, geweldich!! Graag wolle wy Easterein betanke foar it mogelik meitsjen fan dizze kryst merke, sûnder alle ferienings, frijwilligers en en minsken dy’t harren op wat fan wize ynsetten ha, kin dit net. Tige Tank!! Henk Bootsma hat in protte foto’s makke welke jimme sjen kinne op www.henkbootsmafotografie.nl  Foar elts fyne feestdagen en in moai 2014 tawinske!

 

Winterwille kommisje,

Jan Rinse Blanksma, Elisabeth Breeuwsma, Liesbeth Bootsma, Anna Joke Bakker en Tettje de Boer.