Freed 23 novimber 2012 is yn Sporthal de Greidhoeke yn Easterein de 3e edysje it Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai hâlden. It wie in moaie edysje mei sportive, hilaryske en spannende wedstriden en dielnimmers. It toernoai wie mei mooglik makke troch Gemeente Littenseradiel en de Rabobank. It programmaboekje wie drukt troch Grafische Groep van der Eems. En de winners binne dus no bekend! Yn poule A dienen 4 ploegen mei. Lokkich kaam Boubedriuw Bootsma mei in 3e team, oars hienen we mar trije teams hân. Derfoar waarden sy beleane mei de pûdelpriis, prachtige Fizel-pakketten! Poulewinner waard Sportkafee De Greidhoeke en wûnen koartingsbonnen fan Jumbo Supermarkten – Wommels. Se wûnen alle trije wedstriden, mar seker tsjin v.v. SDS (2e) en K.F. Easterein 1 (4e) wie it tige spannend. Boubedriuw Bootsma 3 waard 3e.
De haadpriis yn de middenklasse gie nei it jonge team DA Fizel, se geane te iten by it Reade Hynder. Ek hjir wie de striid oan it lêst ta spannend tusken DA Fizel en de Rabobank. De ûnderlinge wedstriid waard wûn troch DA Fizel, mar se ferlearen fan K.F. Easterein 2 (4e). Om’t de setpunten heger wienen waard DA Fizel 1e. De Baltsjedriuwers (KF Reahûs-Turns) waarden 3e en lêste yn de poule Boubedriuw Bootsma Turns 1.
Yn de rekreaasjeklasse die de debutant Gebr. Vellinga it hiel goed. Se wûnen alle wedstriden en krigen de koartingsbonnen fan Noflik Easterein. Dat wurdt in gesellich famyljedinér!
Fertsjinstlik twadde waard it Reahûster klupke die moai follybal spilen. Op it tredde plak eindige Bos Mechanisatie, 4e waard Boubedriuw Bootsma Turns 2. Op it lêste plak ús trouwe dielnimmers fan KF Wommels. Spitich dat se mar mei fiif wienen.
Under it genot fan de hearlike hapkes, oanbean troch Sporthal de Greidhoeke, waard om 11.00 oere de priisútrikking dien en de prizen en grutte wikselbekers útrikke. De olympyske gedachte ‘meidwaan is wichtiger as winne’ wie wer goed wiermakke! Takom jier wurde bedriuwen en ferienings wer benadere foar de 4e edysje dy’t ein novimber 2013 plakfine sil.