Op moandei 5 novimber hat Omrop Fryslân opnamen makke fan fanfare ‘Wilhelmina’ fan Easterein ûnder lieding fan Pieter Bosma yn it ferieningsgebou ‘De Skoalleseize’.
Op snein 11 novimber is der in foarpriuwke te hearen op de radio, yn Muzyk Maskelyn fan likernôch 18.20 oere ôf. Ek in opname út it argyf fan Wilhelmina – makke op 30 maart 1992 yn de Herfoarmde Tsjerke fan Easterein. It orkest stie doe ûnder lieding fan Tseard Verbeek. Op snein 18 novimber en snein 25 novimber binne de oare opnames op de radio te hearen.
At misken net thús binne om’t nei de radio te lústerjen, dan kin it ek fia de webside nei lústere wurde. De oare stikken wurde troch Omrop fryslan útstjoerd op 18 en 25 novimber.