Wilhelmina hat 28 april nei it ONFK(Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen) west yn Drachten. Der hawwe se it stik Hellehonden spile. It waard beleane mei 84 punten en dermei waarden se fjirde. Krekt bûten de prizen. Wilhelmina wûn wol in oare priis: Omrop Fryslân hat Wilhelmina útsocht foar radio-opnames.
Moandei 5 novimber sil de opnames wêze. De datum fan útstjoering is noch net bekend.
Op 20 oktober is der in konsert mei in orkest út Nederweert. It fynt plak yn de sporthal en begjint om 20.00 oere.