Wilhelmina. Ald papier en ONFK

Foardat de leden fan Wilhelmina ofreizgje nei Drachten foar de iepen Nederlânske fanfare kampioenskippen, it ONFK, komme se fanôf 09.15 ek noch lâns foar it âld papier. Dernei reizgje se ôf nei Drachten wér om 13.00 oere de loting is foar de 2de defysje wer se yn útkomme. Dan witte we hoe let Wilhelmina harren Nederlânske titel ferdigenje moat. Omrop Fryslan sil it ONFK op freed 8 en sneon 9 live útstjoere en dat  is te fyne op http://www.omropfryslan.nl  We winskje de leden en fansels Pieter Bosma de dirigint in protte sukses ta