Wilhelmina 1e op FEMUZA festival

Wilhelmina Easterein ûnder lieding fan interim dirigent Anne van der Berg hat sneon op it FEMUZA festival yn Drylst neffens de juryleden Durk Lautenbach en Rob Goorhuis een fariearre en wat nivo oanbelanget in kwalitatief goed programma ten gehore bracht. De juryleden wardearre Wilhelmina mei harren optreden omdat de kwaliteit by alle werken erg goed wie. Wilhelmina spille under oare muziek fan Les Misérables, Fandango, Nimrod en Baba Yetu. It wie de 1e kear dat Wilhelmina Easterein oan it FEMUZA festifal, wat stiet foar federaasje foar muziek en zangverenigingen in Sûdwest Fryslan, meidwaan mocht omdat de fanfare sûnt de gemeentelike weryndieling no by Súdwest Fryslân hjeard. Mei it winnen fan dit muziekfestifal wint Wilhelmina in grutte beker, in jildbedrach en dielname oan it galakonsert fan FEMUZA yn theater Snits op freed 21 juni.