Weromsjen op Keningsdei 2025

We hawwe twa prachtige dagen hân!

Op freed 25 april wie der in nijsgjirrige rintocht fan sa’n 8 km rûnom Easterein wer’t fan alles te besjen wie. Underweis stie der in hapke en in snapke klear en nei ôfrin koene we yn de Skoalleseize efkes noflik mei-inoar sitte.

Op sneon 26 april begûn de dei om 09.00 oere mei in kofferbakferkeap/ frijmerke/ hobbybeurs wêr ’t eltsenien syn guod ferkeapje as sjen litte koe under it genot fan in konsert fan Wilhelmina.

De bern koene har schminke litte en nei de lunch yn ‘e tinte wie der in colour-run.

Bij it keatsen, it klaverjassen en bij de Jeu des boules wie de opkomst goed en de sfear poerbêst. It waar hienen we mei en dat soarge der mei foar dat it in grut súkses wie.
Nei de priisútrikking wie der in koarte pubquiz en gesellige neisit under lieding fan DJ Baggel.

 

Link naar dit artikel: https://easterein.nl/weromsjen-op-keningsdei-2025/.