Werom yn’e tiid mei de Byldpunt.nl

EastereinDe dagen wurde aardich koarter, de gerdyntsjes geane hieltyd earder ticht, dus we moatte ús wêr yn’e hûs sjen te fermeitsjen yn’e jûntiid. En wat is der nofliker as mei in bakje tee as kofje foar ‘Goede tijden, slechte tijden’ te sitten? No, sneupe yn’e byldbank fan de gemeente Littenseradiel! Hjirop steane tal fan âlde foto’s fan de doarpen yn’e gemeente.Op Byldpunt.nl steane sa’n 167 foto’s dy’t yn it ferline makke binne yn ús doarp, der sitte ek âlde loftfoto’s fan foar de twadde wrâldkriich tusken. Mochten jim noch in moai ferhaal by in foto hawwe, lit it ús dan witte!