Op moandei 18 augustus binne de knyntsjedagen foar de learlingen fan it Basis en foartset ûnderwiis wer foarby. Se meie wer nei skoalle. De fekoansje sit der wer op. We hawwe fansels in prachtige fekoansjetiid hawn mei in soad moai waar. Ek sportferienings komme wer yn aksje. Sa begjinne by de fuotbalferiening op sneon 23 aug. de bekerwedstriden wer en begjinne de foljeballers wer te trainen. Foar oare ferienings sit it seizoen der hast wer op. De keatsferiening hat ein augustus/begjin septimber harren slotfeesten en ek de tennisferiening hat syn lèste wedstriden. Ek wy fan de redaksje fan Easterein.nl gean der wer foar mar kinne net sûnder jim help. Hawwe jim nijs foar de website of in agendaitem, dan meie jim dat nei ùs ta maile. Wy soarchje der foar dat it kreas op de site komt te stean