Op de jiergearkomste fan Doarpsbelang is de wenfisy foar Easterein presinteard. De wenfisy is in dokumint dêr’t yn stiet hoe’t it wenjen yn Easterein der yn de takomst út sjen kin op romtlik mêd. It giet bygelyks om hokker huzen opknapt wurde kinne soene, welke wiken ferbettering brûke kinne en hoe’t dat dan kinne soe. It binne lange termyn plannen. It dokumint is foar doarpsbelang Easterein de basis foar oerlizzen dy’t wy hawwe mei bygelyks de gemeente en de wenningkorporaasje.
De wenfisy is ta stân kaam mei help fan de wurkgroep, dy’t bestie út Halbe Overal, Hitsje de Boer, Bauke Dijkstra, Romine Jelsma, Amarins de Haan, Greet Jorritsma, Jan Jetze Brouwer en Silvia Hania. Sy krigen saakkundige begelieding fan Noordpeil yn de persoan fan Pytsje Couperus en Doarpswurk yn de persoan fan Eelke Nutma. Elkien hat it mooglik makke dat wy dizze wenfisy mei harren help meitsje koene.
Dizze wenfisy giet foaral oer romtlike saken. Mar wenjen giet ek oer hoe’t wy mei elkoar yn Easterein wenje wolle. Dêrfoar binne de ôfrûne wiken keukentafelpetearen west oan ferskate keukentafels yn Easterein. Op 10 april 2013 wurde de resultaten dêrfan weromkeppele oan de minsken dy’t oan de keukentafels sieten. En fansels sille wy ek fia de website witte litte wat dêr útkomt! Letter dus mear!