Wat wurdt sloopt? Wat wurdt ferbettere?

De wurkgroep wenfisy Easterein is oan it wurk mei – hoe kin it ek oars – in wenfisy foar Easterein. Hoe sjocht Easterein der op it mêd fan wenjen út oer 10 jier, oer 20 jier, oer 30 jier.

Wy wolle graach de earste resultaten mei jimme diele. Geane wy de goede kant út? Sitte wy op it goede spoar? Hawwe wy wat oerslein? Stiet der te folle yn?

Praat mei, tink mei en beslis mei oer de takomst fan wenjen yn Easterein op:

woansdei 28 novimber 2012

20.00 oere

Skoalleseize

Wy hoopje dat jimme allegearre komme!

Wurkgroep wenfisy: Halbe Overal, Hitsje de Boer – Sieperda, Romine Jelsma, Jan-Jetze Brouwer, Greet Jorritsma, Bauke Dijkstra, Amarins de Haan, Silvia Hania