‘Wat in heide, heite’ troch Jongereintoaniel Fuort mar Los op 23 maart

It stik ‘Wat in heide, heite’ fan Roel Klompmaker is bewurke troch Theresia Zeinstra en wurdt yn Easterein spile ûnder de namme ‘Wat in greide, heite!’. It is in fleurich stik mei oandacht foar de natoer. De jongelju sille op in frijwilligerswurkkamp ta behâld fan de Fryske natoer. Se kampeare 14 dagen yn’e greide, dit is it moetingsplak, dêr’t wy mei harren yn’e kunde komme. It giet oer hoe’t in ferskaat oan  jonge minsken funksjonearret yn sa’n fakânsjeploech. Yn in oantal sênes komt dit op boartlike wize yn syn earnst en humor oan’e oarder. In protte entûsjaste spilers sille der foar soargje dat jo in pracht jûn ha!