Boppe-oan dizze site stiet in moaie foto fan Easterein. Mar wy wolle fansels ek wol ris wikselje mei de foto’s en wer ris in oare kant fan Easterein sjen litte.
Hawwe jo in foto dy’t dêr geskikt foar is? Mail dy foto dan en wa wit komt dy foto in moanne lang dêr te stean! Sjoch wol efkes nei de útsnede fan de foto, net alle foto’s binne geskikt om’t it in lange, mar smelle strook is. It leafst 940 × 198 pixels, mar as de foto grutter is, kinne wy it sels út snije. Wy binne benijd!