Van Eysingaleane opkeard fan 21 oktober – 13 desimber

De gemeente sil oan it wurk mei de werynrjochting fan it krúspunt Van Eysingaleane – Populaireleane. En dat betsjut dat de Van Eysingaleane foar al it trochgeande ferkear opkeard (‘gestremd’) is fan moandei 21 oktober oant en mei 13 desimber 2013. De omlieding sil troch boerden oanjûn wurde. De omwenjenden wurde ynformeard troch de oannimmer. Fytsers en rinners kinne der wol gewoan by del.