Sûnt 21 oktober wurdt der wurke oan de Van Eysingaleane, nije wike freed – 13 desimber – moat alles wer klear wêze. We moatte noch eefkes libje mei it ûngemak. Dat moasten we yn maart 1983 ek al ris in kear. Doe waard de Van Eysingaleane iepenhelle om djipriolering oan te lizzen, Bauke de Boer hat in moai fotoboek oer de doarpsfernijing fan ’82-’84. We binne dwaande om al dizze foto’s te scannen, sadat eltsenien se meikoarten besjen kin. Dizze sette we alfêst online, omdat it op it stuit wer aktueel is. Witte jim trouwens hoelang as de Van Eysingaleane doedestiids ticht wie om de riolearing en bestrating oan te lizzen? We jouwe moarn it antwurd…