Hjirby de útslaggen fan it Twadde Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybaltoernoai fan 25 novimber 2011 (sjoch ek de bylage).
By de priisútrikking wie it tige stil, want elk team siet lekker te smullen fan de bitterballen, oanbean troch Sportkafe Titus yn Easterein.
It toernoai waard mei mooglik makke troch de Gemeente Littenseradiel, Rabobank en Grafische Groep van der Eems.
De trije wikselprizen fan it eardere Kulturele Rie Follybaltoernoai wienen wer boppe wetter en koenen hjoed útrikt wurde oan de winners.
Yn de haadklasse wint Sportkafe Titus alle wedstriden en is winner fan de dinérbonnen fan it Kafé Restaurant It Reade Hynder yn Wommels en it moaie setifikaat fan de 1e priiswinner.
Twadde yn de poule nei in spannende wedstriid tsjin de winner, waard Handelsonderneming Altac en krige in sertifikaat fan de 2e priis.
Yn de middenklasse wie de winner it team fan de Baltsjedriuwers (Keatsferiening Reahûs-Turns) en meie út iten nei Kafé Restaurant Noflik Bergsma yn Easterein.
De promovendus fan de rekreaasjeklasse, Rekreaasjeteam Easterein waarden knap twadde en wienen tige wiis mei de ear en in sertifikaat fan de 2e priis!
De rekreaasjeklasse hie in sterk team yn de foarm fan de Baltsjetikkers (Gemeente Littenseradiel).
Mei oermacht waard it wûn en de dinérbonnen fan Herbergh Het Wapen van Friesland yn Easterlittens wienen foar har.
It Rekreaasjeteam Reahûs-Turns wie twadde yn dizze klasse en mocht ek in sertifikaat yn ûntfangstnimme.
Der wienen trije ploegen mei nul punten. Rabobank, v.v. SDS en de Greidhoekeklappers.
Troch de kommisje waard de ‘poedelpriis’, DA-Fizel-pakketten, takint oan v.v. SDS.
In tige slagge twadde edysje fan it Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybaltoernoai.
Groetnis fan de kommisje