Al 125 jier wurdt der mei grut entûsjasme muzyk makke troch fanfare Wilhelmina Easterein. Dat fertsjinnet in feestje fansels.
Wilhelmina nûget jim fan herte út foar harren jubileumkonsert op sneon 1 april om 20.00 oere yn Café Bergsma (Sibadawei 2 yn Easterein). Dêrneist binne jim fan 10.00 oere ôf ek wolkom om de foto-útstalling fan Wilhelmina yn de tsjerke te besjen.
En it soe moai wêze as it hiele doarp de flagge úthinget, foaral foar alle reunisten dy’t nei Easterein ta komme.