freed 14 july – 20.00 oere – Skoalleseize
Kommende freed 14 july is de alderlêste repetysje fan Wilhelmina foardat sy de oare deis nei Kerkrade ôfreizgje. Iens yn de fjouwer jier fynt hjir nammentlik it Wereld Muziek Concours (WMC) plak. Mar leafst 20.000 muzikanten, 260 orkesten út 32 lânen en 5 kontinten nimme diel oan dit grutste blaasevenemint foar Harmonie, fanfare-orkesten en brassbands.
Dit jier wurdt foar Wilhelmina de 4de kear dat se oan it WMC dielnimme. Yn 2005 waarden se wrâldkampioen yn harren difyzje en yn 2013 behellen se in prachtich twadde plak.
Utnûging
Freed 14 july litte se harren noch ien kear foar it doarp en alle oare belangstellenden hearre. Binne jo benijd nei wat se spylje sille en wolle jo harren in protte sukses winskje? Elkenien is om 20.00 oere fan herte wolkom yn de Skoalleseize!