Bêste minsken,
Hjirby wolle wy jimme fan herte útnoegje foar de ledegearkomste fan Keatsferiening Easterein. Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende keatsseizoen.
De gearkomste sil digitaal (fia Microsoft Teams) plakfine op woansdei 19 maaie 2021 om 20.00 oere.
Oanmelde foar de gearkomste kin by Dirk-Yde oant úterlik freed 14 maaie: foarsitter@kfeasterein.nl. Jim krije dan fantefoaren in link fia de mail tastjoerd.
Wurklist
- Iepening
2. Meidielings en ynkommen stikken
3. Oantekens fan de ledegearkomste op 11 maart 2020
4. Finansjeel ferslach:
- rekken 2020
- begrutting 2021
5. Ferslach kaskommisje en beneaming nij lid
6. Punten fan út it bestjoer, ûnder oare:
- ôfskied kommisjeleden
- fakatueres: stân fan saken
- punten fanút foarjiersgearkomste Federaasje Snits e.o.
- fusy jongereinkommisje en technyske kommisje
- takomst Jong-Feinte Partij
7. Skoft
8. Bestjoersferkiezing:
- Oftredend Wilma Sjaarda, skriuwer
- Foardracht Hester Minks
- Oftredend Ids de Boer, fjilden- en materialen
- Foardracht Sjouke Schilstra
- Oftredend René Rijpma, ponghâlder
- Foardracht Ids de Boer
- Oftredend Danny Roos, foarsitter jongereinkommisje
- Foardracht gjin
- Oftredend Wiepkje Sijbesma, algemien bestjoerslid
- Foardracht Dieuwke Kooistra
9. Stikken KNKB-gearkomste op 20 maaie
10. Wedstriidaginda 2021
11. Omfreegjen
12. Sluting
Graach oant sjen op 19 maaie!
Bestjoer Keatsferiening Easterein