Utnoeging ledegearkomst KF Easterein op 29 maart

Bêste minsken,
Hjirby wolle wy jimme fan herte útnoegje foar de ledegearkomste fan Keatsferiening
Easterein. Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende keatsseizoen.
De gearkomste sil plakfine op woansdei 29 maart 2023 om 20.00 oere yn de Skoalleseize
Wurklist:

  1. Iepening
  2. Meidielings en ynkommen stikken
  3. Oantekens fan de ledegearkomste op 23 maart 2022
  4. Finansjeel ferslach:
    -rekken 2022
    -begrutting 2023
  5. Ferslach kaskommisje en beneaming nij lid
  6. Presintaasje jierferslach 2022
  7. Skoft
  8. Bestjoersferkiezing:
    Oftredend yn 2022 Dirk-Yde Sjaarda, foarsitter haadbestjoer
    Foardracht Marten Faber
    Oftredend yn 2022 Sjouke Schilstra, fjilden- en materialen
    Foardracht Jan Bouke Bouma
    Oftredend Ids de Boer, ponghâlder
    Foardracht Romine Jelsma
    Fakant Algemien lid/ oansprekpunt wedstriidkommisje
  9. Stikken KNKB-gearkomste op 5 april
  10. Punten fan út it bestjoer, ûnder oare:
  • enkête
  • training foar de kompetysje
  • koeke aksje
  • punten fanút foarjiersgearkomste Federaasje Snits e.o.
  • ôfskied kommisjeleden
  • fakatueres: stân fan saken

11. Wedstriidaginda 2023

12. Omfreegjen

13. Slúting
Graach oant sjen op 29 maart!
Bestjoer Keatsferiening Easterein