Hjirby binne jim as lid fan GEKE ‘utnoege foar de ledegearkomste op woandei 10 maaie om 20.00 oere yn de Skoalleseize.
GEKE hat as doel it befoarderjen fan de leefberens en duorsemens yn Easterein. Troch oer te stappen op grien gas en elektrisiteit wurdt Easterein duorsemer. Foarich jier is besletten om in diel fan de opbringst te dielen mei de ferienings yn it doarp. Undertusken binne de earste bedragen oermakke nei de ferskate ferienings en dermei stipet GEKE it doarp.
Op dizze jûn wolle wij jimme op de hichte bringe wer’t we no steane en wat de plannen binne. We ha as bestjoer in foarstel foar in nije koers.
Graach heare wy as jo oanwêzich binne op de gearkomst. Dat kin fia info@geke-easterein.nl
Binne jo nijskjirrich nei de aktiviteiten fan GEKE, mar binne jo noch gjin lid: ek dan binne jo fan herte wolkom
Bestjoer GEKE