ynstjoerd troch doarpsbelang Hâld Faesje
Woansdei 9 april is de jiergearkomste fan doarpsbelang “Hâld Faesje” yn de túnseal fan Noflik Easterein. De jûn begjint om 20.00 oere.
Sa’t eltsenien al earder lêze koe, is doarpsbelang fan doel in lokale enerzjy koöperaasje op te rjochtsjen mei de namme GEKE (Griene Enerzjy Koöperaasje Easterein).
Dizze jûn hearre jimme mear oer de wurking fan in lokale enerzjy koöperaasje, dhr. Kieviet fan de “Amelander Energie Coöperatie” komt hjir nei it skoft it ien en oar oer fertellen.
Alle ynwenners fan Easterein binne wolkom.
Oant sjen op woansdei 9 april yn Noflik Easterein !