Útfieringen toanielferiening Fuort Mar Los

Toanielferiening ‘Fuort mar los’ út Easterein spilet dit jier “De Magnetron”. In stik út trije bedriuwen en skreaun troch Bonne Stienstra. De útfieringen binne op sneon 8 maart om 14:00 oere (dit is matineefoarstelling foar minsken fan 60 jier en âlder), freed 14 maart om 19.00 en sneon 15 maart om 20.00 yn de toanielseal fan Restaurant Partycentrum Noflik Easterein, Sibadawei 2 te Easterein. Eltsenien is fan herte wolkom foar in noflike middei/jûn.

It ferhaal giet oer Fokke, in man allinne, sûnder alle hjoeddeiske geriif fan masines en apparaten. Kontakt hat hy allinne mei de buorlju. Bûtensteanders fine it by him yn’e hûs in grutte binde, mar Fokke is der lokkich mei. De gemeente is lykwols fan betinken dat der wat oan dien wurde moat en stjoert in maatskiplik wurkster op ûndersyk út en dat set syn rêstige libben alhiel op de kop…..