Fan Bauke de Boer krigen we in pear fotoboeken mei in protte âlde foto’s fan ús doarp. It jout in prachtig byld fan Easterein yn de jierren ’50 – ’70 en binammen fan de Skoallestrjitte. Bauke hat ek in fotoboek oanlein oer de doarpsfernijing yn de jierren ’80. Ek dizze foto’s kinne jim meikoarten op Easterein.nl besjen.