UPDATE: Wa binne de Eastereiners dy’t in goai dogge nei Maestro Wilhelmina?

flyermaestroconcert_web29 oktober/UPDATE: Gerben Kooistra hat spitigernôch in hernia en kin dêrom net meidwaan. Jetske Santema is ree fûn om syn plakje yn te nimmen.

 

Op snein 3 novimber stride 3 ferneamde Eastereiners om de titel ‘Maestro fan Wilhelmina’. Dit konsert is in idee nei oanlieiding fan it tv- programma ‘Maestro’ fan de AVRO.

Tidens het konsert sille de gast-diriginten Anna Joke Bakker, Andre Vink en Gerben Kooistra de útdaging mei elkoar oangean. Se dirigere elts ien stik. In saakkundige sjury sil harren prestaasjes beoardielje.
Untanks harren leafde foar muzyk, sille se underfine dat dit noch net sa makkelik is. Want hoe reageert it korps ast breed slachst, of hiel stadich of jus wer hiel snel?

Binne jo ek sa benijd hoe de gast-diriginten it der fan of bringe sille en wa dêr mei de titel ‘Maestro fan Wilhelmina’ fan troch giet?

It konsert begjint om 15.00 oere yn ‘Noflik Easterein’
De tagong is fergees.