Bêste doarpsgenoaten,
STOARM! It hat de ôfrûne tiid bûten stoarme, mar seker ek by de
kaartferkeap fan Kening op Sokken! Wat wy net doarden te foarspellen
hat sich dûbel en dwers foardien. Binnen no-time wienen wy troch ús
reguliere kaartferkeap hinne en al gau moasten wy sjen nei
mooglikheden om alle belangstellenden fan kaarten te foarsjen. Wy
koenen per útfiering 30 plakken mear kreëarje yn Noflik, mar op dit stuit
binne freed 31 maaie en sneon 1 juny ek alwer útferkocht! Neist de ekstra
plakken, hawwe we noch in reserve útfiering fêstlein. Hâld ús webside,
Twitter en Facebook yn de gaten foar it lêste nijs hjiroer!
Beskikbare kaarten:
Woansdei 29 maaie 2019 – 20.00 oere – try-out (€ 10,00)
Snein 2 juny 2019 – 16.00 oere – foarstelling (€ 12,50)
Kaarten kinne besteld wurde fia:
info@kfeasterein.nl Wilma Sjaarda
0515-851878
Op 24 maaie 2019 hâlde we in badeintsje-race. Jim kinne in lotsje keapje
foar €2,00 per stik, 3 foar €5,00 as 7 foar €10,00. Begjin maaie kinne jim ús
oan de doar ferwachtsje. We binne drok dwaande mei de prizen en dit
wurde klapstikken, dat kinne we fêst wol sizze!
Groetnis fan Karin Sjaarda, Mattie Dijkstra, Wiepkje Hiemstra, Wilma
Sjaarda en Tettje de Boer