Snein 20 desimber om 16.00 oere jout Kr. Fanfare Wilhelmina in unyk krystkonsert yn de Martinitsjerke fan Easterein dy’t alhiel yn krystsfear fersierd is. Wat makket dit konsert sa unyk? Dat is de meiwurking fan in tolve koppich ensemble fan hoarnisten en in slachwurker fan it North Horn Ensemble. Dit unike ensemble bestiet út profesjonele hoarnisten, konservatoriumstudinten en tige betûfte amateurs.
Sawol Wilhelmina as it North Horn Ensemble stean ûnder lieding fan dirigint Pieter Bosma.
Der wurde prachtige krystfariaasjes spile en oare muzyk passend bij de tiid fan fan it jier. It mei-inoar sjongen fan bekende krystlieten sil no ek net ûntbrekke.
De tagong is fergees, bij de útgong is der kollekte foar de makke ûnkosten.