Unyk konsert fan Wilhelmina en Wilhelmini mei Janneke Brakels

Op sneon 24 febrewaris is der in konsert fan de muzykferiening Wilhelmina.
Dizze kear docht ek it hiele jeugdkorps mei. Dêrom hat dizze jûn it tema Mini en Maxi. Grut en lyts allegear op ien poadium yn Noflik.
Wy binne bliid en grutsk dat ús jeugd dit hiele konsert meispylje sil. Se ha mei Joke Krist goed oefene en sels in aparte studzjemiddei hân. Dus dat sil grif goed komme.

Janneke Brakels sil oan dizze jûn meiwurkje. Hjirby wat ynformaasje fan har eigen site.

  • Janneke was 6 jaar toen ze voor het eerst op het podium stond te zingen. Na succesvolle deelname aan het Vara Kindersongfestival, kerstmusicals en soudmixshows, zingt ze in haar middelbare schooltijd bij de Bogerman Bigband.
  • In 2010 wint ze het Friese Lietfestival met haar band Equal Souls.
    Ze zingt o.a.met De Kast op de Fryske Music Night.
  • In 2014 is ze Ambassadeur van de Vrijheid en speelt ze met haar band Janice op 4 en 5 mei in Leeuwarden.
  • Op dit moment is ze volop aan de slag met haar zangschool Zangles Friesland.
  • Veel ontwikkelingen met als missie; iedereen lekker laten zingen.
  • Ook als zangeres blijft Janneke actief. Zo zingt ze als gastzangeres bij diverse korpsen, brass- en bigbands.
  • De veelzijdigheid is wat Janneke Brakels aantrekt in haar werk.

En dan dus op 24 febrewaris by ús yn Easterein.

It konsert bestiet út trije dielen. Earst sil Wilhelmina-Wilhelmini in oantal nûmers nei foaren bringe, mei ek in pear ludike akts dy’t alles te krijen ha mei it tema Mini en Maxi.
Yn it twadde diel begeliet Wilhelmina-Wilhelmini Janneke mei lieten as:

  • Skyfall
  • Mag ik dan bij jou?
  • Pak maar mijn hand fan Nick en Simon ens.

Nei it skoft sil Janneke in konsert jaan mei har eigen band.

Koartom in jûn om fan te genietsjen.

Plak:                Noflik Easterein

Datum:            24 febr. om 19.30 oere

Tagongspriis:    € 7,50 foar folwoeksenen en € 5 foar bern (o.m. 12 jier)

Tige wolkom. Wy rekkenje der eins op dat de seal goed fol wurdt!