Nei in tige slagge try out fan de U2 tribute show yn de Tsjerne op sneon 15 desimber, sille de bandleden fan Special Treatment it dit kear besykje op sneon 13 april yn de Groene Weide yn Boalsert. Se sille ek dit kear wer de beste songs fan de Ierske band hearre litte.
Op 27 april kin eltsenien wer de gouwe ouwe hearre fan good old Harry Slinger. De bekinde Amsterdammer mei syn reade klotske (hat hy fest ofsjoen fan ús oranjeferiening “Oranje en Heitelân”) sil mei syn band “Drukwerk” optrede yn it Dielshús fan Wommels. De leste kear dat se der spile hawwe wie yn 1986.