Twa Eastereiners dogge dit jier mei oan de PC yn Frjentsjer op 2 augustus 2017: Bauke Dijkstra en Jan Schurer. En as we rom telle, telt ek âld-Eastereiner Jelte Pieter Dijkstra fansels in bytsje mei. Bauke keatst mei syn maten Elgar Boersma en Willem Heering yn de earste omloop tsjin Bauke Triemstra-en-dy. Jan keatst mei Jelte-Pieter en Pier Piersma yn de earste omloop tsjin Jelle Attema, Jacob Klaas Haitsma en Hillebrand Visser. Wy winskje de Eastereiners en âld-Eastereiners in soad súkses en in moaie dei!
Op de site fan de PC kinne jo de folsleine lotting sjen.