Túnfûgeltelling

Neat te dwaan omdat it fuotbal ôflast is? Net reedride omdat it iis net fertrouwt is?. Doch dan mei oan de nasjonale túnfûgeltelling welke foar de tsiende kear hâlden wurd. De telling wurdt organisearre troch de Fûgelbeskerming en fynt alle jierren yn it tredde wykein fan jannewaris plak. As it kâld is binne der de measte fûgels yn de tunen.

Ferline jier diene der 40.000 minsken mei oan de telling. Wa’t dat no dwaan wol kin hjir de fûgels op noteare. Oan de ein fan it wykein wurdt dan de top 10 bekend makke. Fia de website kinne je ek noch sjen hokker fûgels by jo yn de buert it meast sjoen wurde.