Foar safier bekend is, is der de ôfrûne wiken yn 3 wenten yn Easterein ynbrutsen. Sa’t it no liket wiene de dieven allinnich op syk nei goud. De dieders litte hast gjin spoaren efter en it falt hast net op. It is dus goed om te tsjekken oft al jo (gouden) sieraden der noch binne. As dat net it gefal is, kinne jo fia de folgjende link sjen wat jo dwaan kinne: https://www.politie.nl/mijn-buurt/lokale-initiatieven/03-midden-nederland/politievoetjes/er-is-bij-u-ingebroken-wat-nu.html