Try-Out Concert Wilhelmina bij Noflik Easterein

Op snein 18 novimber stapt fanfare Wilhelmina yn de bus nei it moaie teater De Hanzehof yn Zutphen.  Wy sille dêr meidwaan oan it bondskonkoers fan de MBGF.

Foar ús dirigint Pieter Bosma is dit de lêste kear dat hy de muzikale ‘maestro’ fan Wilhelmina is.
Hy giet foar in nije útdaging as dirigint fan fanfare Oranje Grootegast op de moandeitejûn.
Wy wolle der tegearre in fantastysk ôfskiedskonsert fan meitsje yn Zutphen.

Op sneon 17 novimber wolle wy graach it programma yn Easterein spylje foar it eigen publyk.
Dit dogge wy om 19.00 oere yn de seal fan Noflik Easterein. Wy sille dy jûn earst koart repetearje en dêrnei (ûngefear 19.30 oere) it konkoersprogramma spylje.
Dit is tagelyk de lêste kear dat Wilhelmina yn Easterein spilet ûnder lieding fan Pieter Bosma.

Ús ynspylwurk is Melting the Ice fan Johan Evenepoel. Dêrnei kin jim harkje nei it muzikale ferhaal fan de seeman Jean de Bruges yn Poème Symphonique fan Rob Goorhuis. Dizze seeman ferteld ‘fantastyske’ ferhalen oer syn aventoeren op see foar fergees drankjes yn de pleatslike kroech. It lêste wurk is Elegy 1 fan Jacob de Haan. Dit wurk giet oer jaloezie. Alle emoasjes dy dêrby hearre syn te beharken yn de muzyk.

Elkenien is fan herte wolkom!

Tagong is frij.

Wannear:        sneon 17 novimber 2018
Wêr:                Noflik Easterein
Tijd:                 19.00 oere oant op syn heechst 20.00 oere