Mette Stap, Senay Sixma en Siebo Boersma dogge dit jier mei oan it Berne Iepenloftspul yn Easterwierrum. Tegearre mei noch fjouwerentritich oare bern oefenje sy moannelang, twa kear yn ‘e wike, oan in nij stik, spesjaal foar dit jier skreaun troch Peter Sijbenga, mei de titel De Geast Fan Spultsjelittens.
Der binne seis foarstellings yn juny; de premjère is op 16 juny.
De kaartferkeap giet 16 april los op www.bis2016.nl.
Besjoch de flyer, mei op de twadde side mear ynformaasje oer it stik!