Kommende sneon wurd der foar de 2de kear in triathlon organiseare yn swimbad de Klomp yn Wommels. Der doche san 20 Eastereinders en âld Eastereinders yn ferskate klassen mei oan dit evenemint. Om 11 oere start de 1/32 triathlon. Dit is 125 meter swimme, 5 km fietse en 1,25 km hurdrafe. Hjir doche Halbe Willem Overal (5) en Tjalle Durk van der Eems (23) oan mei. Om 12 oere gean de triathleten fan start foar de 1/16 de triathlon. 250 meter swimme, 10 km fiets en 2,5 km hurddrafe. Hendrik van der Eems (35), Dian Dijkstra (42), Jannieke Dijkstra (43) en Martina Kooistra (44) binne dér de Eastereinder dielnimmers Om 14.15 de 1/4 triathlon. Durk Jorrit van der Eems (405)en Gerlof Gerlofsma (407) swimme yn it bûtenwetter by de haven en starte om 14.15. 1 km swimme, 40 km fietse en 10 km hurddrafe. Om 15.00 oere 1/8 bûtenwetter. 500 meter swimme, 20 km fietse en 5 km drafe mei Ida Hallema (322), Minke Twijnstra (407) en Sjoukje van der Eems-Hijlkema (361). Ek om 15.00 oere de debutante manlju en froulju. De gruste groep Eastereinders mei Anke van Asselt (101), Gerbrich Reitsma (110), Janna Reitsma (114), Neeltje de Boer (123), Tineke de Jager (127), Hans Kooistra (204), Klaas Kamstra (209), Roan Petra (216 en Sam Petra (218) (efter de name de startnûmmers). Fanôf goed 14.45 oere komme de earsten troch Easterein fanôf Itens op nei Wommels.