Triathlon Wommels siket Eastereiner frijwilligers

Op freed 9 en sneon 10 septimber fynt de 4de edysje fan de triathlon yn Wommels plak. Op freed is de triathlon foar de jeugd en op sneon foar de debutanten senioren en trathleten dy’t it al wat faker by it ein hawn hawwe. De rûte fan dizze triathlon giet ek wer troch Easterein. Om dizze triathlon yn goeie banen te lieden binne der yn Easterein 6 ferkearsregelaars nedich. Dizze frijwilligers moatte de kursus ferkearsregelaar dien hawwe as de kursus graach dwaan wolle. Wolle jim graach helpen as hawwe jim noch fragen, mail mei de organisaasje fan dit moaie barren. jorntzijlstra@hotmail.com Meidwaan kin fansels ek noch. Opjaan fia www.zwembaddeklomp/triathlon/inschrijven