San 200 triathleten sille sneon meidwaan oen de triathlon fanût swimbad de Klomp yn Wommels. Hjir dogge ek in tsiental Eastereiners oan mei. Der wurd starten om 13.00 oere mei de 1/4 en 1/8 triathlon. It swimmen is yn it bûtenwetter en der wurd starten fanût de haven. De 1/4 giet troch Wommels hinne en de 1/8 giet richting RESI. It fietsen giet fia Spannum, Winsum, Britswerd, Itens, Easterein nei Wommels. De 1/4 docht dizze route 2 x. De earste fietsers sille om goed 13.30 troch Easterein hinne ride. Dernei wurd der draaft fanút it parc ferme, únder de sneldyk troch, oer de nije kromme wer rjochting it swimbad wér de finish is. De 1/4 docht ek dizze route 2 x