Op freed 27 maart om 14.30 oere is der yn de byb van Wommels in Tomke foarstelling: ‘Lekker ite’.
Tomke hat fertriet want buorfrou Swietbek docht sa nuver. Se docht oars allegear fleurige dingen mei him; hutte bouwe, boekje lêze, fuotbalje. No sit se mar wat op ‘e bank en wol neat mear.
Tomke wol har helpe en hy freget Kokky. Miskien kin dy lekker iten foar syn buorfrou meitsje.
Tomke mei Kokky helpe yn ‘e keuken mar buorfrou fynt neat oan de ferrassing! Hoe komt it dochs dat se net ite wol? Komme Tomke en Kokky der achter? En soe it goed komme mei buorfrou?
De foarstelling is fergees. Kom del mei jim heit, mem, pake, beppe, oppas of grutte broer en/of sus.