Tink mei oer it mobiliteitsprogramma fan de gemeente

Hoe’t we ús bewege wurdt hieltyd wichtiger. We ferpleatse ús alle dagen. Oft we no rinne, fytse, mei de auto gean of de bus pakke, we meitsje allegearre gebrûk fan de diken en fytspaden. Goede mobiliteit hat ynfloed op hoe noflk it is om yn ús gemeente te wenjen en te wurkjen.

Mei in groeiend tal ynwenners, it feroarjende lânskip en de blik op de takomst sil de gemeente dit jier wurkje oan in plan foar mobiliteit.

En do kinst meitinke. Dochst mei?

Sa kinst meitinke

Folje de enkête yn. Dat duorret ûngefear 5-7 minuten.

Ast fragen hast oer de enkête of mear witte wolst oer in ûnderwerp, kom dan nei it mobiliteitskafé.

  • Wommels, It Dielshûs, ’t Bosk 41: Tiisdei 14 maaie fan 17.00 – 20.00 oere
  • Koudum, De Klink, Dominee L. Tinholstraat 1: tongersdei 23 maaie fan 17.00 – 20.00 oere
  • Boalsert, Stadsherberg Wijnberg, Marktplein 5: sneon 25 maaie fan 11.00 – 14.00 oere
  • Snits, De Walrus, Leeuwenburg 11: sneon 1 juny fan 11.00 – 14.00 oere