Tink mei oer de takomst fan Littenseradiel!

De gemeente Littenseradiel moat in reaksje jaan op it rapport fan de provinsje ‘Visie op de lokaal-bestuurlijke inrichting van Noord-Fryslân’. Littenseradiel organisearret twa rûntepetearen oer dat ûnderwerp, op tiisdei 6 maart yn it Dielshûs yn Wommels en op woansdei 7 maart yn de Wjukken yn Mantgum. Meiprate kin ek fia Twitter (#takomstlitt) of Facebook.

 

De provinsje stelt yn har rapport dat Littenseradiel opgean moat yn in grutte Noardwest gemeente, mei Harns, Frjentsjeradiel, Menameradiel, It Bildt en mooglik ek in noardlik part fan de fúzje-gemeente Súdwest-Fryslân. Sy freget de belutsen gemeenten foar 1 april 2012 hjirop te reagearjen.

Yn 2008 organisearre de gemeenteried fan Littenseradiel 23 gearkomsten oer it ûnderwerp weryndieling en beslute om foarearst selsstannich te bliuwen, mar wol each te hawwen foar de ûntjouwingen om Littenseradiel hinne. De bestjoerlike en amtlike wrâld leit der no hiel oars hinne as yn 2008. Dêrom is neat dwaan gjin opsje.

Nei oanlieding fan it rapport fan de provinsje hat it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders in konsept-stânpunt formulearre. Yn it konsept-stânpunt stiet dat fiergeande gearwurking mei de gemeenten yn Noardwest-Fryslân ûndersocht wurdt, wêrby’t amtlike of bestjoerlike fúzje net útsletten wurdt. De gemeenteried sil dit konsept-stânpunt op moandei 19 maart behannelje.

De ekstra rûntepetearen dy’t op 6 en 7 maart organisearre wurde, jouwe de befolking in kâns om mei te praten oer it ûnderwerp. De fragen dy’t sintraal steane tidens de twa rûntepetearen binne oft Littenseradiel meidwaan moat oan gearwurking, mooglik fúzje, mei de noardwestgemeenten en wat ynhâldlik de ynset fan Littenseradiel wêze moat yn dat proses.