Op freed 15 april hawwe wy in âlde tradysje wer nij libben ynblazen. De bern fan de Foareker hawwe tegearre mei âlders en buertbewenners it swerfôffal yn en rûnom Easterein opromme.
Der wienen in soad bern en it waar wie prachtich. Nei it útdielen fan de grypers en pûden koenen we yn lytse groepkes de buorren yn. We hawwe ek útsûnderlike saken fûn sa as in fyts, in autoban en pallets. Mei trije boaten hawwe de blikjes / fleskes en oar ôffal út de sleat helle. Nei ôfrin wie der drinken mei wat lekkers.
Yn’ e skoallekrante skriuwe in oantal bern oer harren erfarings fan dizze himmeljûn…
Fanôf dit plak wolle wy alle bern, harren âlders, it fûgelwacht bestjoer, it organisaasjeteam (mei û.o. skoalle en ûndernimmersferiening) en alle oare frijwilligers tige tank sizze. Hjir ek in pear foto’s sadat jim in ympresje krije fan dizze himmeljûn.
We hoopje dat alle strjitten en bermen lang moai skjin bliuwe!
[nggallery id=1]