Snei 5 oktober wurd in muzikaal feest yn de Martinitsjerke fan Easterein. Yn de moarnstsjinst om 09.30 sil it gospelkoar “Terra Nova” mei en foar jim sjonge. Nei de tsjinst stiet de koffie klear. Jûns om 20.00 oere sil it intertsjerklik mannenkoar Edoza út Snits ûnder lieding fan Roelof Elzinga mei en foar jim sjonge. Balt de Vries sit efter it oargel en ek de samensang sil net ûntbrekke. Tagong is fergees mar der is wol in kollekte foar de ûnkosten