Tekenje de petysje ‘Fryske beskerming fan greidefûgels moat bliuwe’

– Ynstjoerd troch de Fûgelwacht Easterein –

Moarn, tiisdei 19 jannewaris, giet it kolleezje fan Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân in beslút nimmen oer de oanfraach om in ûntheffing oan te freegjen foar it aaisykjen.

It is dit jier ekstra spannend, want it kolleezje twifelt. Om oan te jaan dat it aaisykjen libbet is de BFVW (de oerkoepeljende organisaasje fan de fûgelwachten) in petysje begûnen. Moarn foardat de gearkomste begjint wolle se de útkomst fan de petysje oanbiede. Hoe mear ûndertekeners hoe better. De Fûgelwacht Easterein wol jimme freegje om de petysje te ûndertekenje!

It aaisykjen foarmet yn Fryslân de basis foar in unyk beskermingssysteem. It tal greidefûgels nimt ôf. Foarkom dat de beskerming fan greidefûgels yn Fryslân de rest fan Nederland efternei giet. Steun derom dizze petysje:

‘De FryskSchermafbeelding 2016-01-18 om 20.50.17e beskerming fan de greidefûgels moat bliuwe!’

Teken de petysje fan de BFVW fia dizze link: http://www.frieseweidevogelbescherming.nl/

Ferjit asjebleaft net om fia de mail de stim noch te befêstigjen.

Groetnis de Fûgelwacht Easterein