Teatsen mei de Keatsferiening en Tennisferiening

Kommende sneon 09-07 sil der op it sportfjild fan de Skoalleseize in unike gearwurking plakfine tusken de keatsferiening en de tennisferiening. Om 14.00 oere sille leden fan beide ferieningen troch mekoar lotte wurde foar in teatspartij. Teatsen is keatsen mei in tennisracket yn in spesjaal fjild. Wa noch meidwaan wol moat lid wéze fan ien fan de ferienings. Opjaan kin oant tongersdei 19.00 oere.