Team The Bold and the beautiful wint 1ste muzykkwis

Het team “the bold and the beautiful” fan Bauke Tolsma hat juster tidens de 1ste muzykkwis fan Easterein Rocks de 1ste priis wûn. Mei 85 punten bleaunen se it team “3 bier en een cola” fan Agaath Ypma, dat hast oan de léste rûnte ta boppe oan stûn, foar. In soad “oooh ja” mominten fan de 22 teams tidens it foarléze fan de antwurden nei elke rûnte. Net dat de fragen oe sa dreech wiene, mar der moast betiden wol efkes skrabe wurde om it goeie antwurd op papier te krijen, wat net altiid slagge

Der wiene 6 rûntes. 2 rûntes mei algemiene musiekfragen, 1 rûnte LP-hoesfragen, 1 rûnte Google translate-oersettings, 1 rûnte gitaarintro’s en 1 rûnte musiekfragminten, spille troch de Easterein Rocksband.

In tige slagge middei wat seker oar jier wér op de agenda komt te stean fan it Stichtingsbestjoer fan Easterein Rocks.