TDF Berltsum

The dance factory (TDF) út Berltsum hat sels borrelbussen kocht en dermei de busrûtes wizige. Moasten de besikers út Easterein earder yn Winsum opstappe, sneontejûns kin dat ek op de brége foar Noflik Easterein. Foar mar  € 3,00 hellet de TDF bus de diskogasten op. Dat sil om 22.15 wéze. Se ride dan oer Winsum, Welsryp, Frentsjer, Dronryp en Menaam nei Berltsum wer at se om 23.13 binne. Om 03.00 oere giet de bus wer rjochting Easterein en derfoar moatte se ek € 3,00 betelje. Se kinne dan om goed 04.00 oere wer thús wéze.